Jonge (17) fernielt fiskfûken

24 apr 2009 - 11:26

De plysje hat tongersdeitemiddei in 17-jierrige ynwenner fan Grou oanholden foar it fernielen fan fiskfûken yn de Pikmar. In tsjûge seach dat fjouwer jonges yn in rubberboat by eilân De Burd fûken út it wetter hellen. Dêrby waard ek in peal ôfbrutsen.

De tsjûge warskôge de plysje. Dy seach it boatsje eefkes letter mei noch ien opfarrende. De jonge waard oppakt en oerbrocht nei it buro. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)