Man mei treinhoarn oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat in Ljouwerter (44) in proses-ferbaal jûn omdat hy in auto hie dêr't in saneamde treinhoarn op monteard siet. It giet om in hoarn dy't op treinen brûkt wurdt en in soad leven makket. De ôfrûne wiken hat de plysje in soad klachten krigen fan fuotgongers en fytsers oer in auto dy't troch de stêd ried en mei de hoarn lûdoerlêst feroarsake.
Tongersdei waard de auto wer sjoen en hat de plysje de man oanhâlden. Hy moast syn rydbewiis ynleverje.