Ritsma sit wer op 'e motor
Njoggen dagen nei syn skouderbonke- breuk sit Rintje Ritsma al wer op syn motor. Hy rûn de blessuere op by in fal mei de motor tidens in sponsorrûntsje op it sirkwy fan Assen.
De eardere wrâldkampioen reedriden ferwachte twa oant trije wiken nedich te hawwen om te herstellen, mar kin dus no al wer los. Mooglik sil Ritsma 26 april de Super Bike race yn Assen brûke om wer yn it wedstrydritme te kommen.