Sollisitaasje Cazemier lekt út

Roel Cazemier, direkteur fan Omrop Fryslân, hat sollisiteard nei de funksje fan boargemaster fan Hoogeveen. Helmer Koetje is beneamd ta nije boargemaster, mar de sollisitaasje fan Cazemier is útlekt.
De fertrouwenskommisje fan de gemeente Hoogeveen hat in flater makke. Under it parseberjocht oer de beneaming fan Koetje stie it nûmer fan Cazemier yn stee fan dat fan Koetje. Cazemier is noch mar in jier de direkteur fan Omrop Fryslân.