VVD: oare oanpak krisis

23 apr 2009 - 22:38

De VVD yn Opsterlân is it net iens mei de oanpak fan de kredytkrisis yn dy gemeente. It kolleezje fan B&W hat in list gearstald mei projekten dy't nei foaren helle wurde kinne. Neffens de VVD steane der lykwols te lytse projekten op. It grutste projekt dat der op stiet is it oanpakken fan de riedsseal, mar neffens de partij hat dat hielendal gjin prioriteit.

Yn plak dêrfan soe der no begûn wurde moatte mei de bou fan ferskate brede skoallen yn de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)