Riedstra hâldt op by Cambuur

23 apr 2009 - 22:25

Sakeman en multymiljonêr Jan Riedstra wol nei dit seizoen ophâlde by Sportklup Cambuur. Dat sei hy tongersdeitejûn yn it Omrop Fryslân programma Boppeslach Kafee. Riedstra hat gjin formele funksje by de klup. Hy is ien fan de eigners fan it stadion en draacht foar in wichtich diel by oan de finansiering fan de klup.

Dat wol er wat weromskroeve, omdat Cambuur nei in drege perioade no wol wer op eigen fuotten stean kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)