Mear jild tsjin húslik geweld

23 apr 2009 - 22:24

De gemeente Dongeradiel lûkt mear jild út foar it Advys en Stipepunt Húslik Geweld. Dongeradiel fynt it fan belang dat minsken rekkenje kinne op soarchfâldige helpferliening, as se slachtoffer wurde fan húslik geweld.

Ynwenners fan de gemeente kinne 24 oeren deis en sân dagen yn de wike in berop dwaan op in tillefoanyske helpline. Meielkoar jout Dongeradiel no dik 160.000 euro oan it stipepunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)