Nije regels foar eveneminten

23 apr 2009 - 22:23

Eveneminten yn Ljouwert, dêr't minder as 300 minsken op ôfkomme, hoege tenei net mear in fergunning te hawwen. It is ien fan de maatregels om it tal regels yn de gemeente te ferminderjen. Organisaasjes moatte wol melde dat der in evenemint is.

De gemeente Ljouwert hat in spesjale beliedsregel foar eveneminten opsteld. Dêr stiet yn wêr't organisaasjes har oan hâlde moatte as se in evenemint opsette.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)