No 25 trijetalige skoallen

23 apr 2009 - 20:06

Basisskoalle It Fûnemint fan Wommels is de 25ste dy't him oanmeld hat by it netwurk fan trijetalige skoallen yn Fryslân. Skoallen dy't dêr oan meidogge, jouwe les yn it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk. Learlingen wurde dêrtroch mear bewust fan taal, en krije in gruttere wurdskat.

Undersyk hat oantoand dat learlingen fan trijetalige skoallen better binne yn it Frysk as bern op gewoane skoallen. It Ingelsk is net dúdlik better.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)