Ton foar wyk yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel wol earder as pland mear as in ton ynvesteare yn it opknappen fan de wyk Jantjeszeepolder yn Dokkum. De wykried wurket noch oan in totaalplan, mar der binne saken dy't sa gau as mooglik oanpak wurde moatte. It giet dan om trije oerstekplakken yn de Parkleane, fjouwer boartersfjildsjes, in kuierpaad en in fiver.
Meielkoar kostet de opknapbeurt fan de Jantjeszeepolder dik twa ton.