'Strangere kontrôles drugs'

De Rouwe wol strangere kontrôles op drugs
De Fryske plysje moat stranger kontrolearje op drugs yn it ferkear. Dat fynt CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. Neffens de Rouwe is sa'n tsien persint fan de ferkearsûngemakken yn it wykein it gefolch fan drugsgebrûk.
Omdat der kwalik op kontroleare wurdt kinne drugsbrûkers sa'n bytsje frij rûnride troch de provinsje. De Fryske plysje kontrolearret wol, mar it duorret in pear wiken foardat der in útslach is.