Brânstichter Snits bliuwt fêst

23 apr 2009 - 17:15

De man dy't fertocht wurdt fan it oanstekken fan de brannen yn de Snitser wyk Lemmerwei-east moat tsien dagen langer fêstsitte. Hy is tongersdeitemiddei foarlaat oan de rjochter kommissaris. Yn de nacht fan snein op moandei ûntstie brân yn twa portykflats yn Snits.

Guon bewenners moasten mei ljedders fan it balkon helle wurde. De measten binne sa traumatisearre dat se net wer werom wolle nei harren flat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)