Hiel bysûnder skriuwplankje

It bysûndere skriuwplankje
De âldst bewarre skreaune tekst fan Nederlân, in Romeinsk skriuwplankje dat fûn is yn Tolsum, is noch bysûnderder as tocht. Troch nije ûndersykstechniken fan de universiteit fan Oxford en troch mear ynsicht yn it Romeinske skrift is ûnder oaren de eksakte datum ûntsifere.
De útkomsten waarden tongersdei bekendmakke yn it Frysk Museum. Hûndert jier lang waard tocht dat it om in ferkeapoerienkomst gong fan in ko tusken in Fries en in Romein.