Miljoeneferlies NDC-VBK

23 apr 2009 - 16:03

Krante-útjouwer NDC-VBK, eigner fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, hat ferline jier mei 11 miljoen euro ferlies draaid. Neffens de útjouwer komt dat foar in part troch de ekonomyske krisis. Fierder koste de oername fan útjouwerij ThiemeMeulenhoff ek in soad jild. Dat bedriuw draaide it lêste fearnsjier fan ferline jier mei ferlies.

De kranten hiene ferline jier lêst fan bot weromrinnende advertinsjeynkomsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)