Taakstraf foar ûntucht famkes

© Omrop Fryslân
De rjochtbank fan Ljouwert hat in 25-jierrige man in taakstraf fan 240 oeren jûn fanwege ûntucht op ynternet. Hy krige ek in jier selstraf ûnder betingst. De man liet fjouwer jonge famkes seksuele hannelingen dwaan foar de webcam. De plysje pakte him op doe't er mei ien fan de famkes ôfpraat hie op in kemping yn Makkum.
Omdat út psychologysk ûndersyk bliken dien hat dat de man in persoanlikheids-stoarnis hat, hie it Iepenbier Ministearje in taakstraf easke.