Kontoeren Jongemastate werom

23 apr 2009 - 15:50

Jongemastate yn it bosk fan Raerd hat syn âlde kontoeren werom krigen. Yn 1912 is it gebou ôfbrutsen, mar It Fryske Gea hat der no foar soarge dat besikers in idee krije hoe't dat gebou der ea útseach. De hoekpunten fan it âlde gebou binne te sjen en ek de yngong fan de state is op 'e nij boud.

Inisjatyfnimmer Gerrit Elzinga wie al sûnt 1969 dwaande om it idee fan de grûn te krijen. Hy wol graach de skiednis fan it plak sichtber meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)