Grut feest by bekerfinale

23 apr 2009 - 13:00

Sportklup Hearrenfean organisearret op 17 maaie, de dei fan de bekerfinale, in grut feest op it parkearterrein foar it eigen stadion. Dêr sille artysten optrede en kinne fans dy't gjin kaarten hawwe de wedstryd sjen op in grut skerm.

Ek in eventuele huldiging nei de wedstryd sil op it plein plakfine. Neffens Hearrenfean direkteur Yme Kuiper binne der ûngefear 17.000 kaarten beskikber foar de bekerfinale yn Rotterdam tsjin FC Twente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)