Boubedriuw Julianus fallyt

© Omrop Fryslân
Boubedriuw Julianus fan Marsum is fallyt ferklearre. Tsien minsken driigje dêrtroch har wurk kwyt te reitsjen. It giet om in famyljebedriuw fan mear as 50 jier âld. Yn Marsum hie it bedriuw in belangrike rol, bygelyks by de grutte ferbouwing fan it doarpshûs, mar ek de restauraasje fan it Popta gasthûs.
De finansjele krisis is it bedriuw fataal wurden, seit Martijn Kerkdijk, kantoargenoat fan kurator Stoker. It boubedriuw wol net reagearje.