Plysje siket bylden fjochterij

23 apr 2009 - 12:06

De plysje siket minsken dy't bylden makke ha fan de fjochtpartij yn it Volendamse kafee De Oude Brug. Sa'n 50 Ajax-hooligans foelen woansdei ûnder de bekerwedstriid Volendam-SC Hearrenfean it kafee binnen en sloegen alles oan pún. Dêrby rekke in oantal Hearrenfean-supporters ferwûne. Fiif fan harren moasten yn it sikehûs behannele wurde.

Hearrenfean-supporters ha neffens direkteur Yme Kuiper gjin skuld oan it ynsident.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)