Gizele kaptein makket it goed

© Omrop Fryslân
Kaptein Hendrik Toxopeus út Harns, en de rest fan de bemanning fan it kaapte skip Pompeï, meitsje it goed. Fertsjinwurdigers fan de Belgyske regearing hawwe woansdeitemiddei kontakt hân mei de kaptein. It skip leit foar anker foar de kust fan Somalië.
België warskôget dat de ûnderhannelingen, om de bemanning wer frij te krijen, noch wol efkes duorje kinne. De piraten hawwe harren easken noch net bekend makke.