Drachtster sjit op buorman

23 apr 2009 - 10:44

De plysje hat fannacht in 44-jierrige ynwenner fan Drachten oppakt omdat er syn buorman op de Meerkoetstrjitte yn Drachten mei in luchtbuks besketten hie.

Dêrfoar hie er ek al ruten fan it hûs fan de buorman fernield. Wêrom de man dat die is net bekend. Hy is troch de plysje fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)