Accell bliuwt it goed dwaan

23 apr 2009 - 09:35

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean bliuwt it goed dwaan. Makke it ferline jier in winst fan hast 29 miljoen euro, ek dit jier leit de ferkeap fan fytsen heger as ferline jier.

Yn de earste moannen waarden mear fytsen ferkocht as yn deselde perioade ferline jier. Accell is bekend fan fytsemerken as Batavus en Koga Miyata.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)