Oanskaf JSF net wis
It liket derop dat de Joint Strike Fighter foarearst net fan de fleanbasis yn Ljouwert fleant. In mearderheid yn de Twadde Keamer is tsjin de oanskaf fan twa testtastellen. Koalysjepartij PvdA is poer tsjin op de oanskaf fan it tastel.
Steatssekretaris De Vries fan definsje komt de PvdA wol temjitte as it giet om de lûdsoerlêst. De JSF soe folle mear leven meitsje as de F16.