Liet: 3 solisten nominearre

Henri Hendriksx fertsjinne in nominaasje foar syn liet 'Ferbean ferlangst'
Op de lêste foarronde fan Liet 2009 yn de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert waarden woansdei trije solisten nominearre. It giet om Popakademystudinte Janna Eijer fan Jobbegea, om Liet-feteraan Anne Ruurd Oosterwoud en om Henri Hendriksx.
Janna Eijer makke yndruk troch har dynamyske presintaasje en útstrieling. Anne Ruurd Oosterwoud, ek finalist fan Liet yn 1992, makke yndruk mei in poëtyske tekst oer it drôve lot fan in soad kealtsjes.