Regionale tv ynsette by rampen

© Omrop Fryslân
De regionale tillevyzjestjoerders moatte folle mear ynskeakele wurde by it bestriden fan rampen. Dat fynt it CDA yn de Twadde Keamer. De partij krijt stipe fan de PvdA, SP en de ChristenUnie. Ek sy wolle dat it regear regionale tillevyzje oanwize sil as rampestjoerder.
By radio is dat wol al it gefal. Op dizze wize kinne de regionale omroppen better brûkt wurde, sa seit it CDA.