Ungelok mei boat op de A7

In ûngelok mei in kajútjacht soarge woansdeimiddei op de A7 fan De Jouwer nei It Hearrenfean foar in lange file. De wyn hie de trailer mei de boat dêrop omfier blaasd. By it ûngelok binne gjin minsken ferwûne rekke.
In oere lang wie der gjin ferkear mooglik op it stik dyk ter hichte fan Aldehaske. It ferkear stie fêst oant en mei de rotonde by De Jouwer.