SC Hearrenfean Europa yn

22 apr 2009 - 16:37

As Hearrenfean woansdei wint fan Volendam, hellet it net allinnich de bekerfinale mar mooglik ek Europeesk fuotbal. FC Twente, dat tiisdei de finale al helle, moat dan as tsjinstanner by de earste fjouwer yn de kompetysje einigje. SC Hearrenfean mei de finale dan ferlieze, mar moat dan minimaal fyfde bliuwe sadat it frijsteld is fan de play-offs.

De Feansters spylje yn in fol stadion, dêr sitte ek sa'n 400 Feanfans dy't mei de bus en mei in skûtsje kamen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)