Marsumers nei JSF-debat

De keamerkommisje praat woansdei oer de oankeap fan it test-tastel
In groepke Marsumers is woansdei ôfset nei Den Haach om by it debat oer de JSF te wêzen. De keamerkommisje praat woansdei oer de keap fan ien of twa testtastellen fan de JSF. De koalysjepartijen binne dêr ferdield oer. CDA en ChristenUnie binne foar, de PvdA twifelet.
Der binne noch in soad ûndúdlikheden oer bygelyks it leven dat it fleantúch makket. Der wurdt sein dat de JSF mear leven feroarsaket as de F16, mar der binne ek ûndersiken dy't dat betwifelje.