Klûs út skoalle stellen
De plysje siket tsjûgen fan it stellen fan in klûs út in skoalle yn Burgum.
De ynbraak yn de skoalle oan de Van Glinstrastrjitte is wierskynlik moandeitemiddei tusken 4 oere en healwei achten jûns dien. It wie doe âldermiddei op skoalle. Minsken dy't wat sjoen hawwe kinne har melde by de plysje.