SP-foaroanman stapt op

Boomstra moat syn sit yn de ried opjaan
Foarsitter Atze Boomstra fan de SP-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert is per direkt opstapt as riedslid. It beslút hat te krijen mei persoanlike omstannichheden. Bert Bisschop nimt syn taken as fraksjefoarsitter oer.
It is foar Bisschop de twadde kear: earder folge hy Freerk Kalsbeek op as riedslid. Neffens de fraksje wolle se de fjouwer riedssitten sa gau as mooglik wer opfulle.