Chris Wassenaar keatst wer

22 apr 2009 - 13:42

Keatser Chris Wassenaar is werom yn de haadklasse. Op de frije foarmaasjeparty fan 10 maaie yn Frjentsjer falt Wassenaar yn foar Taeke Triemstra, dy't bleassearre is.

De achterynse út Sint Jabik bruts syn linker middelfinger tidens in training. Wassenaar keatst yn Frjentsjer mei Rutmer fan der Meer en Renze Pieter Hiemstra.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)