Eimers stapt op by de Flyers

22 apr 2009 - 12:33

Iishockeyecoach Chris_Eimers hâldt op by de Hajé Flyers. Eimers, dy't ôfrûne winter de trainer wie, giet net akkoart mei it legere salarisoanbod en stapt dêrom op. Eimers wie de ôfrûne twa jier de coach fan de Flyers.

Neffens foarsitter Danny_Micola moast der besunige wurde, omdat in sponsor it ôfrûne jier de klup net betelle hat. De technyske kommisje fan it bestjoer sil no op syk nei in nije trainer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)