Stjer foar bakkerij yn Snits

22 apr 2009 - 12:22

Banketbakkerij De Korenbloem fan Snits hat in bakkerijstjer krigen. De stjer is tiisdei útrikt op it nasjonaal bakkerijgala yn Hilversum. Twahûndert bakkerijen út it hiele lân hiene har foar de wedstriid opjûn. Der binne trettjin stjerren útdield.

Bakkerijen út Frjentsjer en Easterwâlde krigen in earfolle fermelding. De stjerren kinne fergelike wurde mei de Michelinstjer foar restaurants.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)