Motorfreonlike fangrail op A7

22 apr 2009 - 11:06
Op de ôfritten fan de A7 komme de earste motorfreonlike fangrail

Op ferskate plakken op grutte diken yn Fryslân komt in motorfreonlike fangrail. Dat moat slimme ferwûnings by motorriders foarkomme. By ûngemakken klappe motorriders faak tsjin de pealtsjes oan de ûnderkant fan de fangrail. Dat soarget foar faak slimme ferwûnings oan skonken of holle.

Mei de nije fangrail kin dat net mear. Rykswettersteat sil de nije fangrail op tsien plakken oanbringe yn de ôfritten fan bygelyks de A7.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)