Priis foar sauna Froubuorren

De froulju fan Sauna Hotstones mei de duorsumenspriis
Sauna_Hotstones út Froubuorren hat de duorsumenspriis fan de provinsje Fryslân wûn. Omdat fan alle produkten ûndersocht wurdt hoe duorsum se produsearre binne en it duorsum tinken by de ûndernimmers yn de genen sit, hat Hotstones de priis wûn.
Eigners fan de sauna yn Froubuorren binne sûnt inkele jierren mem en dochter Norma en Wies_de_Jong. It wie de tredde kear dat de duorsumenspriis útrikt waard.