Trommels steure tsjerketsjinst

22 apr 2009 - 07:07

It optreden fan in trommelgroep op it dak fan De Lawei yn Drachten hat snein in tsjinst yn de Kapeltsjerke fersteurd. Neffens it bestjoer fan de herfoarme tsjerke wie it roffeljen op de trommen dúdlik te hearren.

De tsjerkegongers hawwe harren der swier oan steurd. It tjerkebestjoer hat in lulke brief nei de gemeente Smellingerlân stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)