Stimme op NS-stasjon Ljouwert

21 apr 2009 - 22:52

Der komt in stimburo by it NS-stasjon yn Ljouwert. Dat ha boargemaster en wethâlders fan Ljouwert tiisdei besletten nei in fraach hjiroer fan PAL/Grien Links. It mobile stimburo komt as der ferkiezings binne op inkele parkearfakken te stean.

Minsken kinne dêr de kommende Europeaske ferkiezings al gebrûk fan meitsje. Ek net-Ljouwerters kinne der gebrûk fan meitsje, as se dat yn it foar oanfreegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)