Dupearren brân noch net werom

© Omrop Fryslân
Guon bewenners fan de flats yn Snits kinne sa't it no liket de hiele wike noch net werom nei harren flatwenning. Sân apparteminten binne ûnbewenber, nei't der snein op trije plakken brân útbruts.
De 42-jierrige fertochte dy't bekend hat dat er de brannen oanstutsen hat, hat yn oerspannen tastân hannele. De plysje giet derfan út dat syn died in rop om oandacht west hat. De man hat allinne hannele.