Sikehûsbaas net op non-aktyf

21 apr 2009 - 17:04

De ried fan tafersjoch fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean fynt dat foarsitter Beijers gewoan oan it wurk bliuwe kin. Dat seit Hans Stupers, wurdfierder fan de ried.

Beijers wurdt fertocht fan fraude. Hy soe syn eks-freon holpen hawwe by oplichterij. Ien fan 'e slachtoffers, de widdo fan 'e fermoarde Willem Endstra, hat in saak oanspand tsjin de eks-freon. Beijers soe 246.000 euro wytwaske hawwe en syn eks-freon út 'e wyn hâlden hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)