Skilderij Ter Beek ûntbleate

21 apr 2009 - 14:58

Keunstner Jan_Tromp fan Skalsum hat in skilderij makke fan âld-kommissaris fan ´e Keninginne fan Drinte Relus_ter_Beek. It doek is tiisdei ûntbleate. De SP hie leaver hân dat in Drintske keunstner in skilderij makke hie. Mar neffens Deputearre Steaten fan Drinte is yn goed oerlis mei de famylje foar de Fries Tromp keazen.

Ter Beek ferstoar ferline jier septimber. It skilderij hinget yn it Provinsjehûs yn Assen by alle oare âld-kommissarissen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)