Sparta wol Jan de Jonge

21 apr 2009 - 11:46

Jan_de_Jonge is yn byld by Sparta om Foeke Booy nei dit seizoen op te folgjen as trainer. De Jonge is op dit stuit haadjeugdopliedingen by Sportklup Hearrenfean. Dy funksje beklaaid hy sûnt dit seizoen. De Jonge hat in pear dagen betinktiid frege oan de klup út Rotterdam.

De Jonge wie yn it ferline al trainer fan Emmen en De Graafschap. Hy hat der nea in geheim fan makke dat hy it fjild wer op wol as trainer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)