Soad fernielings op 'e Gordyk

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in grut tal fernielings op 'e Gordyk. Dêr is yn 'e nacht fan sneon op snein op ferskate plakken ruten ynsmiten. Dat barde oan 'e Leitswei, de Wetterkant, de Wetterwille, de Heerenacker en oan 'e Stasjonswei. Mooglik rekke dêrby in dieder ferwûne.
Op 'e Easterein waard in auto yn it wetter treaun en oan 'e Lijnbaan waard in kontener yn 'e brân stutsen. Der binne al tsjûgen heard, mar de plysje wol noch mear witte.