Auto yn beslach naam
In 21-jierige ynwenner fan Akkrum moast moandeitemiddei syn auto oan de plysje ôfjaan. De man waard op de Boarnsterdyk by syn wenplak oanhâlden troch in plysjeman dy't wist dat de Akkrumer gjin rydbewiis hie.
De man wie al seis kear earder bekeurd foar itselde fergryp. Sadwaande is syn auto yn beslach naam. Hy krige boppedat in proses-ferbaal.