Autobestjoerder skopt

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan mishanneling fan in autobestjoerder út Nes. Freedtemiddei om healwei fiven ried eroer de Hollandiastrjitte yn Skarsterbrêge doe't dêr file ûntstie. De auto foar him sloech krekt oer de brêge ôf en ried in parkearplak op. De man út Nes tocht dat dy parkeare soe en ried rjochttroch.
Ynienen waard syn doar iepenlutsen en begûn de bestjoerder fan de oare auto te razen. De man pakte in tas út de auto en skopte de bestjoerder.