Feiliger boarterstunen

21 apr 2009 - 00:35

De gemeente Menameradiel wol de feiligens fan de boarterstunen yn de gemeente ferbetterje troch it ûnderhâld fan de boarsterstastellen út te besteegjen. Wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland nimt meikoarten it behear en it ûnderhald fan de tastellen oer.

Dêrfoar krije de boarterstunen earst in opknapbeurt om oan alle regels foar de feiligens te foldwaan. De gemeente en de wenningkorporaasje lûke dêr sa'n 70.000 euro foar út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)