Underskieding jonge rêders

20 apr 2009 - 23:34

Trije famkes fan tsien en alve hawwe moandei in ûnderskieding krigen om't sy in freondintsje fan in ferdrinkingsdea rêden ha. Fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen krigen se in brûnzen medalje.

De famkes wiene ferline jier augustus allegear yn it swimbad fan de Jachthaven yn Hylpen. De trije seagen it slachtoffer op de boaiem fan it swimbad lizzen. Doe't it har te lang duorre, hellen se it famke út it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)