Gemeenten foar fúzje

De fiif gemeenten binne foar in fúzje ta ien grutte Súdwesthoekegemeente
As it oan de gemeenterieden yn de Súdwesthoeke leit, komt der ien grutte gemeente. Snits, Boalsert, Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel stimden moandeitejûn foar in fúzje. Yn Boalsert stimden de riedsleden unanym foar, yn 'e oare gemeenten wie der in grutte mearderheid.
Fan Underen Op, in partij yn Nijefurd en tsjinstanner fan de fúzje, pleitet wol foar in hûs-oan-hûs-enkête. It wol oantoane dat der by de ynwenners gjin draachflak is foar fúzje.