Jong Hearrenfean is feilich

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean helle moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld ien punt tsjin jong Willem II. Mei dat 1-1 lyk spul en it ferlies fan konkurrint jong FC Utrecht tsjin jong NEC kin de belofteploech fan Sportklup Hearrenfean net mear degradeare.
De ploech út Tilburch kaam troch Paul Quasten nei goed tsien minuten op foarsprong. Pedro Beda makke yn de 52ste minút út in stafskop de lykmakker. Beide ploegen soargen foar te min spektakel en amper goed fuotbal.