Part fan A7 ôfsletten

20 apr 2009 - 20:01

De A7 tusken Marum en Fryske Peallen hat moandeitejûn ôfsletten west. In hynstetreler sloech earder jûns oer de kop en blokkearre in part fan de dyk.

De hynders yn de treler naaiden fuort nei it ûngelok út, mar dy binne yntusken wer fongen. Troch de ôfsluting fan de dyk stie der in file fan fjouwer kilometer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)