Hans Snijder haadredakteur LC

20 apr 2009 - 16:17
Hans Snijder giet fan 'e omrop nei de Leeuwarder Courant

Haadredakteur Hans Snijder ferlit Omrop Fryslân. Snijder wurdt de nije haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Snijder is sûnt 2002 haadredakteur fan Omrop Fryslân. Yn dy posysje hat Snijder him benammen dwaande hâlden mei de fernijing fan de radio- en tv-programmearring.

Snijder folget by de LC haadredakteur Rimmer Mulder op. Hy is by de Ljouwerter Krante unanym foardroegen foar de funksje fan haadredakteur. De beneaming giet yn augustus yn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)